Proef OV-chipkaart yn Fryslân

28 jun 2006 - 09:24

Fan woansdei ôf is de OV-chipkaart jildich yn Fryslân. Dat wol sizze, yn de bussen fan Arriva yn Ljouwert en súdeast Fryslân en op proef. De ynfiering fan de nije iepenbier ferfierkaart hinget fan fertraging en technyske swierrichheden oan elkoar.

De Twadde Keamer hâldt tiisdeitejûn in harksit om saakkundigen dêroer oan it wurd te litten. De kaart moat yn 2009 de strippekaart en it treinkaartsje ferfange.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)