Proef op Saailânplein

01 sep 2011 - 18:27
  • Sa moat it der út komme te sjen

Op it Wilhelminaplein yn Ljouwert wurdt nije wike in proeffak foar de flier fan natuerstien oanlein. It plein fan it fernijde Saailân wurdt ynrjochte mei in natuerstiennen flier mei fonteinen en led-ferljochting. Om der wis fan te wêzen dat de goede flier útsocht is, wurdt der earst in proeffak oanlein.

It fak wurdt trije by trije meter en komt te lizzen op in plak dêr't der in soad frachtferkear oer hinne riidt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)