Proef mei ynvalide-auto's foar âlderein

19 okt 2015 - 17:49
  • Elektrysk ride

Ferskate gemeenten yn Fryslân dogge mei oan in pilot mei in elektryske ynvalide-auto, de saneamde Max Mobyl. De Max Mobyl wurdt ynset om mobiliteitsproblemen by senioaren oan te pakken. Sa kin de âlderein straks koarte ritsjes meitsje, of rûnriden wurde troch begelieders. Max Mobilen krije in eigen parkearplak by soarchynstânsjes en kinne reservearre wurde oan de baly. De pilot sil begjin 2016 úteinsette en seis moannen duorje.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)