Proef mei stroom út sâlt wetter

13 des 2005 - 08:58

Yn Harns wurdt sûnt moandei in proef dien mei it opwekken fan stroom mei help fan sâlt wetter. Yn it sâltfabryk fan Frisia komt in proefynstallaasje te stean, dy't model stiet foar in grutte sintrale dy't der yn de takomst komme moat. Dy sintrale soe wol 200 megawatt oan stroom leverje kinne.

It opwekken fan stroom mei sâlt wetter is yn in laboratoarium al slagge. It wetterynstitút Wetsus yn Ljouwert hat dêr de leste tiid oan wurke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)