Proef mei stroefere stiennen

24 mrt 2014 - 11:12
  • Proef mei stroefer meitsjen fan glêde stiennen yn sintrum It Hearrenfean

Op It Hearrenfean is moandei in proef dien mei it stroefer meitsjen fan strjitstiennen. De gemeente hat de lêste tiid in soad klachten krige oer glêde diken yn it sintrum fan It Fean. Dêrop hat de gemeente mjittings dien en dêr die út bliken dat se yndie glêder wurden binne.

De gemeente wol it sintrum goed tagonklik hâlde en dêrom is besletten der wat oan te dwaan. Der binne twa proefflakken makke dy't ferskillend bewurke wurde. Ofhinklik fan de útkomst wurdt besjoen hokker wurkwize it bêste is: striele of skjirje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)