Proef mei sporttsjerke Dokkum

06 sep 2014 - 10:03

De tsjerke yn Dokkum set takom wike snein útein mei it projekt sporttsjerke. Bern fan 8 oant en mei 14 jier âld krije ûnder de tsjinst judoles oanbean. Mei de proef hopet it bestjoer jongerein wer nei tsjerke ta te krijen. Neffens de inisjatyfnimmers binne der in soad raakflakken tusken sport en it leauwen.

De sporttsjerke is yn earste ynstânsje in proef fan trije kear. Njonken judo krije de dielnimmers noch in les yn wierskynlik kuorbaljen en keatsen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)