Proef mei Sneekweek-app is grut sukses

04 aug 2015 - 20:00

De spesjale Sneekweek-app fan de Fryske ûndernimmer Leander Sikma wurdt alle dagen mear as 20.000 kear besjoen. Dat is folle mear as yn it foar tocht. Dêrmei is de app no al in grut sukses. De Sneekweek-app jouwt de brûker in oersjoch fan alle podia en optredens. Boppedat kinne je mei de app ek sjen oft freonen ek yn de sted binne en wêr dan krekt. De Sneekweek-app is proef. De bedoeling is dat it in app wurdt dy't foar alle grutte eveneminten te brûken is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)