Proef mei skjinspuitsjen

26 mrt 2009 - 21:53

It oerflakwetter yn Fryslân wurdt in stik skjinner as de boeren gebrûk meitsje fan in oare spuittechnyk. Dêrom sille it Wetterskip Fryslân en twa Fryske boeren dit jier eksperimentearje mei de saneamde sleepdoek foar de sproeiers.

De floeistof waait dan net mear alle kanten út en sa komt der minder gewasbeskermingsmiddel yn it wetter. De boer kin sa ek mei folle minder ta, omdat der effisjinter spuite wurdt. De proef duorret in jier.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)