Proef mei sirene op radio los

26 okt 2009 - 11:08
  • By wize fan proef yn Boalsert: de sirene op 'e autoradio

Autobestjoerders wurdt frege om har ûnderfinings troch te jaan mei de proef wêrby't it lûd fan sirenes binnenkomt op de autoradio. Dy proef is moandei úteinset yn Boalsert. Ek op oare plakken binne al proeven dien.

Omdat auto's hieltyd better isolearre binne hearre autoriders faak de sirenes fan ambulânses net mear. Troch it lûd oer de autoradio binnenkomme te litten moat dit ferbetterje. It doel is dat ein dit jier de earste resultaten fan 'e proef bekend wurde.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)