Proef mei pree-mediation

20 nov 2008 - 11:21

Om konflikten mei syn boargers foar te kommen, is de gemeente Hearrenfean in proef begûn mei pree-mediation. It giet yn earste ynstânsje om oanfragen út de bysûndere bystân. Amtners prate by pree-mediation al yn in ier stadium mei de kliïnt oer de persoanlike situaasje. Sa wurdt by de bystân sjoen nei de mooglikheden dy't der binne.

Wurdt in oanfraach ôfwiisd, dan wurdt dêr ek oer praat mei de kliïnt. As in konflikt ûntstiet, tinkt de gemeente makliker in oplossing fine te kinnen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)