Proef mei plantsjen seegers by Skiermûntseach is in súkses

10 sep 2015 - 15:13
  • Oanplanting fan nij seegers

De proef mei it werom plantsjen fan seegers yn de Waadsee by Skiermûntseach liket in sukses. It fjild by Skiermûntseach is mei 1000 planten útwreide. Op oare plakken dêr't seegers útset waard is hast gjin resultaat te sjen. Dat ferskaat oan resultaten hat neffens boskwachter Sanne van Gemerden fan Natuermonuminten te krijen mei de oanwêzichheid fan golven, pieren en algen. Dy kinne it herstelproses fersteure.

Seegers is neffens de natuerorganisaasje wichtich om't it soarget foar in kalme see en helder wetter, wêrtroch in kreamkeamer foar fisk ûntstiet. Natuermonuminten is tongersdei mei in nij projekt by Teksel begûn.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)