Proef mei opfang 50 swalkers

27 okt 2009 - 21:14
  • Kees van Anken

Der moat yn Ljouwert in simpele foarsjenning komme dêr't dakleazen sliepe, bôle ite en in bad nimme kinne. Dat seit opfangorganisaasje Zienn. Zienn hat ûndersocht dat yn de stêd hast 50 dakleazen binne dy't faak op strjitte libje, mar sa no en dan ek yn 'e opfang sitte.

Se hawwe soms psychiatryske problemen en binne ferslaafd. De stap nei de echte opfang mei eigen regels is faak te grut. Dêrom wol Zienn foar dizze groep in tal keamers by de nachtopfang.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)