Proef mei ôffalskiede

21 feb 2013 - 16:31

Bewenners fan De Knipe en de wyk Heideryk/Heidemar op It Hearrenfean kinne fan septimber ôf meidwaan oan in proef mei it fierder skieden fan ôffal. Ut sortearproeven hat bliken dien dat yn de grize konteners faak noch tefolle ferkeard ôffal sit. De gemeente jout de minsken klapkratsjes foar lege pakken fris en suvel. Foar tekstyl wurde aparte pûden beskikber steld dy't faker ophelle wurde sille.

Minsken dy't meidogge oan de nije ôffalskieding, kinne in beleanning yn 'e mjitte sjen. De hichte dêrfan wurdt noch fêststeld.

Neist It Hearrenfean wol Omrin gelikense proeven dwaan yn de gemeenten Ljouwert, It Bilt, Opsterlân en Eaststellingwerf.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)