Proef mei 'ôffalhynders' op Skylge is slagge

27 jun 2015 - 14:35

De Skylger ruterferiening hellet dit jier foar it earst it ôffal út de ôffaltonnen fan Steatsboskbehear yn de natoer. Ferline jier barde dit al op de eastkant fan it eilân. Dat wie in proef. Dy proef is slagge, wêrtroch dit no op it hiele eilân dien wurdt. Dat bart mei twa hynders en in wein. De measte minsken fine it ek leuk om de hynders yn de natoer tsjin de kommen.

De leden fan de ruterferiening fine it ek moai wurk. Sy freegje der ek net in soad jild foar. De ruterferiening kin sa ek op plakken komme dêr't sy oars net komme meie.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)