Proef mei muskusrotten

11 sep 2012 - 12:09
  • Muskusrôt

Op trettjin plakken yn Fryslân begjint takom jier in grutte proef mei it bestriden fan muskusrotten. Yn hiel Nederlân giet it om 117 lokaasjes. De Fryske gebieten lizze ûnder mear yn Súdeast-Fryslân, It Bilt en yn it easten fan de provinsje. Dêrby is ûnder oare sjoen nei de funksje fan it gebiet lykas bygelyks natoer, mar ek nei de soart grûn.

Yn de proef wurdt besjoen wat der bart as de rotten 30 prosint minder bestriden wurde, 30 prosint mear of as der neat dien wurdt.

De wetterskippen yn Nederlân wolle der mei de proef achter komme wat it ferbân is tusken it tal rotten en de skea dy't se oanrjochtsje. Fierders wolle se op in bistfreonlike wize minder rotten oanpakke. De proef duorret trije jier.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)