Proef mei 'Kamers met Kansen'

29 jan 2011 - 12:29

Jongeren út de omjouwing Ljouwert dy't thús problemen hawwe, krije de kâns om op keamers te wenjen. Alle jierren giet it om sa'n 60 jongeren dy't net mear thús wenje kinne, mar dêr't ek gjin plak is by de soarchynstellings. Dêr kinne allinnich mar minsken hinne dy't bygelyks psychyske problemen ha.

Dit foarjier set dêrom it projekt Kamers met Kansen útein. Ferskate ROC's en soarchynstellings wurkje gear. Yn de proef is plak foar 8 oant 14 minsken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)