Proef mei frijwilligerswurk

26 apr 2006 - 10:23

Yn Achtkarspelen begjint in projekt mei frijwilligerswurk foar wurkleazen. Yn Bûtenpost en Surhuzum kinne twa groepen fan acht telâne by de stipepunten fan soarchorganisaasje Zorgkwadrant Fryslân. Se krije dêr in fergoeding foar.

It wurk bestiet út it dwaan fan lytse putsjes foar âlderen. Doelstelling is om minsken dy't dreech in betelle baan krije in sinfolle deibesteging te jaan. De proef duorret twa jier.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)