Proef mei ferkweldering polder

05 sep 2001 - 00:00

Deputearre Heldoorn sil takom wike freed it startsein jaan foar de proefferkweldering fan in polder yn it Noarderleech. De simmerdyk wurdt op trije plakken trochstutsen.

It giet om in gebiet fan 135 hektare. De polder sil de kommende jierren opslykje. Sa moat in natuerlike kwelder ûntstean. It is de earste kear dat fan in simmerpolder in kwelder makke wurdt.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)