Proef mei feiliger bermstrepen foar fytspaden

13 sep 2015 - 12:52
  • Proefstreken op fytspaad tusken Snits en Jutryp
  • Griene strepen dy't ljocht jouwe as it tsjuster is

Op in fytspaad tusken Snits en Jutryp rint dit wykein in proef om ynsjoch te krijen yn feiliger fytsen. De Ryksuniversiteit Grins lit dêr proefpersoanen fytse mei in kamera op 'e fyts. De fytsers witte net krekt wêr't it de ûndersikers om giet.

Yn it fytspaad binne ferskillende bermstrepen oanbrocht. Der binne stikken mei giele strepen dy't ljocht jouwe yn it tsjuster en der is in stik mei in soarte fan fyn grint. De ûndersikers wolle witte wat it meast effektyf is om ûngelokken foar te kommen.

De útkomst fan it ûndersyk is mei-bepalend foar hoe't fytspaden der yn de takomst útsjogge sille.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)