Proef mei dyktrochbrekken

28 apr 2010 - 11:05

By Ferwert wurdt in stik seedyk fuorthelle en wer opboud yn de Noardeastpolder. It giet om in proef fan Deltares. Dat ynstitút wol ûndersykje hoelang't it duorret foardat de dyk trochbrekt.

Yn de Noardeastpolder stiet in grutte ynstallaasje dy't weagen opwekke kin fan goed 2 meter. Ut de dyk by Ferwert wurde grutte blokken klaai helle, fan 10 ton it stik. De resultaten fan de proeven wurde brûkt foar belied foar de takomst.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)