Proef mei chips by nêsten

13 maaie 2009 - 12:38
  • De proef mei chips by de nêsten is dizze moanne

De proef om elektroanyske chips by nêsten fan ljippen te pleatsen is begûn. De proef wie útsteld, om't de ûntfangers fan de chips stellen wiene.

By greidefûgelsintrum Nij Bosma Zathe yn Goutum binne by tsien nêsten chips delset. Mei de chip kinne boeren ûnder it meanen mei in ûntfanger sjen wêr't in nêst fan in ljip is. Sa is it in helpmiddel by de neisoarch. De chips falle minder op as de stokken dy't no by de nêsten pleatst wurde. De proef rint oant juny.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)