Proef mais ûnder foly slagge

02 sep 2009 - 21:08
  • De mais ûnder foly kin no al fan it lân helle wurde

De proef mei it ferbouwen fan mais ûnder foly is slagge. De maisplanten binne heal april yn de grûn setten en kinne no al fan it lân helle wurde. Dat is goed trije wiken earder as gewoanwei.

It rispjen fan mais smyt yn Fryslân faak problemen op. No moat dat faak let yn de hjerst, as de grûn al wiet is. Trochdat de maisplanten ûnder foly yn it begjin rap groeie binne dy no al ryp. De oare maiskolven binne dat pas oer in pear wiken.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)