Proef ferjeien roeken súkses

22 sep 2010 - 14:16

De proef yn Tytsjerksteradiel om roeken te ferjeien liket in súkses. De gemeente hat fan it ministearje fan LNV in ûntheffing krigen om de pleach oan te pakken. Hûnderten roeken soargen foar oerlêst by soarchsintrum Skewiel yn Oentsjerk.

Fan 't winter hat de brânwacht nêsten út de beamen spuite en binne der spesjale roekeklokken brûkt om de fûgels fuort te krijen. Dat docht fertuten, want der binne no folle minder fûgels.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)