Proef fergees ferfier sukses

19 maaie 2009 - 14:33
  • De proef mei it fergees ferfier is in sukses

De proef mei it fergees delsetten fan de fyts en fergees mei de bus nei it sintrum fan Ljouwert wurdt trochset. Sûnt novimber kinne minsken de fyts yn de bewaakte fytsestallingen yn it sintrum kwyt. Minsken dy't mei de auto nei Ljouwert komme kinne dy parkeare by it WTC of it Kealledykje. Dêrwei kinne se fergees mei de bus nei de stêd. De proef soe oant juny rinne.

Fanwegen it sukses wurdt it trochset oant oktober 2010. Oant dy tiid is de parkeargaraazje op it Saailân ticht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)