Proef Fast Ferry mislearre

07 jul 2009 - 14:50

De Fast Ferry boat fan ferfiersbedriuw Connexxion dy't ferline jier by de Iselmarkust lâns gie, fart dêr net wer. Der moat noch in definityf beslút naam wurde troch de provinsje Fryslân, mar út in earste evaluaasje fan de proef mei de Ferry docht bliken dat de ekploitaasjekosten te heech binne.

In toeristyske boatferbining by de Fryske kust del kin net sûnder stipe fan de oerheid. Connexxion fear 2008 in moanne mei in draachfleugelboat tusken De Lemmer en Koarnwertersân.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)