Proef: baan foar handikepten

18 jul 2010 - 13:04

De gemeenten Smellingerlân en Weststellingwerf dogge mei oan in lanlike proef om minsken mei in beheining earder oan in baan te helpen. It giet om in proef fan it ministearje fan sosjale saken, dêr't yn totaal 82 gemeenten oan meidogge.

De proef moat bedriuwen der ta oansette om minsken mei in handikep oan te nimmen. Om dat te berikken hoege se net it folsleine minimumlean te beteljen. De gemeenten folje dat lean oan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)