Proef alkoholslot slagge

22 okt 2008 - 17:58
  • De proef mei it alkoholslot is slagge

It ministearje fan Ferkear en Wettersteat is tefreden oer it alkoholslot. 80 Friezen ha meidien oan in proef om sa'n slot te testen. Om de auto te starten moat der dan earst yn it apparaat blaasd wurde.

De proef wie bedoeld om te sjen wat de praktyske problemen binne foardat it alkoholslot echt ynfierd wurdt. It is twa dielnimmers slagge om it slot te omsilen. Der wurdt noch wurke oan in tal ferbetterpunten.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)