Produktskip nei Wildeboer

20 sep 2004 - 17:39

Eigner Wildeboer fan slachterij Brada yn Ljouwert krijt woansdei fertsjintwurdigers fan it Produktskip foar fee en fleis oer de flier. De minsken fan it produktskip wolle mei Wildeboer prate oer de ôfdracht fan preemjes oan it produktskip.

De slachterij moat offisjeel foar eltse ko 10 euro betelje, mar Wildeboer wegeret dat. Neffens him soe it produktskip neat foar de boeren en de fleissektor dwaan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)