Produksje Steinfort wer begûn

27 apr 2012 - 09:59
  • steinfort.nl

De produksje fan glêsfabryk Steinfort yn Frjentsjer is freed wer begûn. Dat meldt de kurator fan it fallite bedriuw. Steinfort waard dizze wike fallyt ferklearre. It bedriuw hat in skuld 3,5 miljoen euro. De malêse yn de bou wie de oarsaak fan it fallisemint.

De kurator seit dat der fjouwer gadingmakkers binne dy't it glêsfabryk wol oernimme wolle. It bedriuw hat efkes stillein, mar de minsken binne freedtemoarn wer oan it wurk gien.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)