Produksje Spinder oernommen

04 jan 2008 - 10:26

Luyt Metaalwaren yn Wormerveer nimt in part fan de meubelproduksje fan Spinder Products op de Harkema oer. Spinder gie septimber ferline jier fallyt, dêrtroch ferlearen santich minsken har wurk. Luyt Metaalwaren wol earst trettjin fan har wer yn tsjinst nimme.

Der wurdt noch ûnderhannele oer de produksje fan de fytsedragers, dy't Spinder altiten makke.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)