Produksje by Flexoplast Harns stadich wer op gong nei brân

08 sep 2015 - 11:26

It bedriuw Flexoplast yn Harns is tiisdeitemoarn stadich wer mei de produksje begûn nei in eksploazje de nacht dêrfoar by in distillearfet. It bedriuw makket fleksibele ferpakkingen en bedrukt dy ek. Troch de eksploazje ûntstie brân, mar dat wie gau út.

De romte dêr't de klap wie, is ôfskieden fan de rest fan it bedriuw en sadwaande kin de produksje gewoan trochgean. Der is noch neat te sizzen oer de oarsaak en de skea.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)