Problemen wetter yn Ryptsjerk

05 jan 2012 - 13:13

It hege wetter yn de Ryptsjerksterfeart soarget ek foar problemen foar bewenners oan de Ypeysingel yn Ryptsjerk. It wetter stiet oan de râne fan de kade ta en driget der tongersdeitemiddei oerhinne te gean. Under oaren in ûnderhâldsbedriuw yn de strjitte makket him grutte soargen. Ek binne de bewenners benaud dat troch it hege wetter it rioel net mear brûkt wurde kin.

Der wurdt no oerlein om sân op de kades oan te bringen, om sa it wetter tsjin te hâlden.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)