Problemen troch stikkene brêge

07 maaie 2005 - 12:59

Yn Burgum ha freedtemiddei ferkearsproblemen west. De brêge oer it PM-kanaal wie stikken. De brêge bleau healwei hingjen en woe net mear nei bewege. Pas nei trije kertier slagge it om de brêge ticht te krijen.

Der binne minsken ynset om it ferkear te regeljen. Alternativen as de Fonejachtbrege of de brêge by Skûlenboarch betsjutte beide in omwei fan tsientallen kilometers. Foar de skipfeart is de brêge noch ticht.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)