Problemen troch snie falle ta

03 feb 2012 - 09:49

De snie fan freedtemoarn hat oant no ta net foar grutte problemen soarge yn it Fryske ferkear. De plysje meldt allinnich in pear slippartijen en lytse ûngelokken mei blikskea as gefolch. De reizgers yn 'e moarnsspits wiene wol folle langer ûnderweis as oars, benammen by Ljouwert en It Hearrenfean hie it ferkear mear tiid nedich om de stêd troch te kommen.

Foto's fan snie en iis binne tige wolkom op ús e-mailadres foto@omropfryslan.nl. De litte de moaiste foto's sjen yn de slidehow op de thússide fan www.omropfryslan.nl.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)