Problemen troch lege molkpriis

06 jul 2009 - 17:01

De lege molkpriis bringt boeren yn 'e finansjele problemen. Neffens lânbou-organisaasje LTO komme de opbringsten dit jier mooglik op it leechste nivo fan de lêste tsien jier. Noch gjin twa jier ferlyn wie de priis dy't de boeren foar de molke krigen noch de heechste fan it lêste desennium.

It sakjen fan de molkpriis mei tsien sint de kilo liedt al ta in omsetdelgong fan 60.000 euro foar in boer mei 75 melkkij. Dat seit in wurdfierder fan 'e LTO.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)