Problemen troch hurde wyn

26 maaie 2011 - 17:31
  • Op de Sleattemermar is oerenlang socht

De hurde wyn soarget tongersdei rûnom foar problemen op it wetter. Der binne ferskate wettersporters yn de problemen rekke, geandewei de dei. De Kustwacht is sûnt twa oere oan it sykjen nei in syljacht, dat mooglik yn de problemen rekke is tusken Skylge en It Amelân.

Op it Sleattemermar is oeren socht nei in opfarrende fan in sylboatsje. De studinte rekke tongersdeitemoarn oer board. Fiif oare ynsittenden waarden rêden, mar sy is noch net fûn.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)