Problemen syljacht op Noardsee

25 nov 2012 - 14:22
  • Rêdingsboat KNRM

Op de Noardsee is sneintemoarn troch it stoarmige waar in in syljacht yn de problemen rekke mei twa man oan board. De motor fan de boat foel út en troch de stoarm wie it net mooglik de seilen fan de twamester te hisen. Twa boaten fan in platfoarm yn de buert koene ek neat útrjochtsje by wynkrêft 9. In rêdingshelikopter hat de beide mannen úteinlik fan board helle.

In berger is ûnderweis om de boat, dy't ûnder Deenske flagge fart en Esbjerg as thúshaven hat, op te heljen. De beide bemanningsleden hawwe de Nederlânske nasjonaliteit.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)