Problemen spoarbrêge foarby

29 jun 2008 - 13:47
  • Wer problemen mei de spoarbrêge

De problemen mei de spoarbrêge yn Akkrum binne wer oplost. Snein oan it begjin fan de middei rieden der gjin treinen tusken Grou-Jirnsum en Akkrum en waarden reizgers mei bussen ferfierd.

Sneon wie de spoarbrêge ek al stikken. De brêge waard deselde middei noch makke. Earder dy wike wiene der ek al problemen mei de brêge yn Akkrum.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)