Problemen spoarbomen Ljouwert

04 maaie 2011 - 15:38
  • De spoaroergong yn de Skrâns yn Ljouwert

Der binne op it stuit problemen mei de spoarbomen op tal fan spoarweioergongen yn en om Ljouwert. Op de iene oergong wolle se net nei ûnderen, op de oare net omheech.

De plysje regelet op guon plakken no it ferkear. Dat is ûnder oare it gefal by de oergong yn de Oostergowei by de Ljouwerter Krante. Mar der binne bygelyks ek problemen by Achter de Hoven, trije oergongen rjochting Grou en ek oergongen rjochting Mantgum.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)