Problemen by Snitswike

05 aug 2009 - 15:25
  • De plysje kontrolearret by de Snitswike
  • Woansdei wie it hurdsyldei

Dit jier binne der mear problemen op it wetter yn de Snitswike as oare jierren. Dat seit de wetterplysje. Sa moast de plysje ferskate kearen yngripe by fjochtpartijen op 'e boat en dat is foar it earst. Ek waarden oant no ta al alve skippers betrape mei tefolle drank op. Neffens de plysje komt dat om't der dit jier ek mear minsken op it evenemint ôfkomme.

Neffens boargemaster Brok fan Snits komt it tal besikers boppe de 100.000. Dat soe komme troch it moaie waar.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)