Problemen by SKS op ynternet

19 jul 2009 - 09:48

It útstjoeren fan de earste SKS-skûtsjesylwedstryd fan it seizoen fia ynternet is net sûnder problemen ferrûn. Der wie safolle belangstelling foar de bylden dat der geregeld gjin ferbining wie. Ek soargen boatsjefarders mei in ynternetferbining yn 'e buert fan de wedstryd foar steuringen.

De wedstryd fan sneon by Grou wie as proef te folgjen fia ynternet. Dat waard dien om ek bûten Fryslân minsken waarm te krijen foar it skûtsjesilen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)