Problemen skipfeart troch waar

24 jul 2011 - 22:27

It minne waar fan snein hat op ferskate plakken problemen opsmiten foar de skipfeart. Op de Noardsee boppe de Waadeilannen ferlear in Malteesk skip sa'n 20 pakketten hout. In fleantúch fan de Kustwacht waard ynset om de pakketten op te spoaren.

Op de Iselmar by Starum rekke in syljacht mei 24 opfarrenden yn 'e problemen. It jacht koe mei pompen boppe wetter hâlden wurde en is nei de haven fan Makkum fearn. Dêr is it mei in kraan út it wetter helle.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)