Problemen reuzerêd noch net oer

01 aug 2002 - 00:00

It bedriuw Mondial en kermiseksploitant Rooze binne neat opsketten mei har rjochtsaak oer it grutte reuzerêd by Terbant. Omdat it rêd net op tiid klear wie, hie Rooze de betelling stillein.

Dêrnei hat er beslach lizze litten op it rêd. Rooze wol syn jild werom, mar de bouwer kin dat allinnich dwaan as hy it rêd oan in oar ferkeapje kin. De rjochter kin neat dwaan oan it beslach.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)