Problemen op de Waadsee

03 aug 2001 - 00:00

Op de Waadsee binne freedtemoarn ferskate jachten troch de hurde wyn yn de problemen rekke. De reddingsboaten moasten in pear kear út Harns wei útfarre om skippen nei de haven te slepen.

Yn it Kimstergat kamen trije skippen yn swier waar om't se te min motorkapasiteit hienen. Wyn en streaming geane dêr tsjin elkoar yn. De Skylger reddingsboat en in charterskip ha oare boaten holpen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)