Problemen Ofslútdyk hâlde oan

06 jul 2013 - 15:33
  • File op de ôfslútdyk

De ferkearsproblemen troch de stikkene brêge yn de Ofslútdyk by Koarnwertersân duorje noch wol oant moandeitemoarn. Troch in mechanysk defekt wol ien fan de brêgen net mear ticht. En dat hat sneontemiddei ta lange files laat.

Op it hichtepunt stie der in file fan 18 kilometer. It ferkear wurdt no oer ien rydstrook laat. De súdlike brêge oer de Lorentzslûzen bliuwt foarearst ticht. Rykswettersteat oerleit moandei oer de oanpak fan de situaasje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)