Problemen nei Color Run Ljouwert noch net oplost

15 jul 2015 - 12:47
  • Dielnimmers hielendal ûnder de ferve

De problemen fan de Color Run yn Himpens-Tearns binne noch net oplost. De ferve op it doarpshûs is noch hieltyd sichtber. Ek wachtsje de dielnimmers dy't in klacht yntsjinne hawwe noch op berjocht. Sy hawwe om in skeafergoeding frege. Dizze minsken krije ynkoarten berjocht fan de fersekering, sa seit de organisaasje fan Colorsensation.

Ek hawwe kapsalons it tige drok hân om alle kleur wer út it hier te krijen. By kapsalon Judith's Hairdesign yn Ljouwert waard al it personiel ynset om alle klanten wer fan in moai kapsel te foarsjen.

De leveransier Holi King út Diemen fan de fervepoeier hat woansdei bekend makke dat it de poeier brûken bliuwt. Earder waard noch sein dat se ûndersykje soenen wat der mei de poeier oan de hân wie.

Mar no docht bliken dat se hjir gjin probleem yn sjogge, want ferkeapje dogge se wol, sa seit it bedriuw. Ek meldt Holi King dat noch ferskate Color Runs by harren bestelle.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)