Problemen mei snie falle ta

10 feb 2009 - 11:50

De snie dy´t fannacht rûnom yn de provinsje foel, hat der net foar soarge dat der mear ferkearsûngelokken wiene as oars. Dat seit de plysje Fryslân.

Fan ´e moarn betiid wie it foaral yn it noarden fan de provinsje glêd. Yn it suden fan de provinsje gie de snie al frij gau oer yn rein. Om´t de diken wiet binne en der kommende nacht wer froast ferwachte wurdt, kin it ek moarnier wer glêd wêze.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)