Problemen mei Polderhoofdkanaal

19 apr 2008 - 12:35

Mei it Polderhoofdkanaal binne op 'e nij problemen. Foar't de rjochter it wurk oan it kanaal nei beswieren stillein hie, wiene al in oantal diken oer de kop helle. Dêrtroch kinne omwenners der al wikenlang net lâns.

De gemeente Opsterlân mei fan de rjochter net fierder mei it wurk oan it Polderhoofdkanaal en dus bliuwe de diken iepen lizzen. De gemeente hat de beswiermakkers tsjin de weriepening fan it kanaal frege as se it probleem oplosse meie.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)