Problemen mei muzykskoalle

05 nov 2001 - 00:00

Fiif gemeenten yn de Súdwesthoeke fan Fryslân hawwe gjin fertrouwen mear yn it bestjoer fan de streekmuzykskoalle Fryslân-súdwest. Trije jier lyn is de muzykskoalle privatisearre en sûnt dy tiid binne der ynterne problemen.

De gemeenten krigen gjin begruttingen en jierrekkens mear fan de skoalle. Nije wike is der in petear tusken it bestjoer fan de skoalle en de gemeentebestjoeren.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)