Problemen mei grûnoankeap

13 sep 2006 - 14:09

De oanlis fan diken wurdt hieltyd faker fertrage troch problemen mei de grûnoankeap. Lâneigners binne net langer ree de grûn samar ôf te stean. By De Gordyk is de oanlis fan de rûnwei troch soksoarte problemen mei in jier fertrage. As tsjinmaatregel kin de provinsje de grûn ûnteigenje.

Dy prosedueres duorje faak lang en smite dêrom ek fertraging op. De provinsje keapet dêrom hieltyd faker yn it geheim grûn oan.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)